Problemen by wurkfoarsjenning

© Omrop Fryslân
Sosjale wurkfoarsjenning Trion slút de ôfdielingen hout en bou yn de Westerein en Driezum. Dat is nedich om de ferliezen op te fangen. Dy komme dit jier út op 1,5 miljoen euro.
By Trion gean fjouwer amtlike funksjes ferlern. Foar dy minsken komt in sosjaal plan. Fyftich minsken moatte oars yn it bedriuw ûnderbrocht wurde. De festiging yn de Westerein giet hielendal ticht. Yn Driezum bliuwt allinne de potplantenkwekerij iepen.