Van der Meulen wint yn Boalsert

10 jul 2006 - 16:17

It partoer Van der Meulen, Kor Zittema en Taeke Triemstra hat snein de frije formaasjeparty yn Boalsert wûn. Yn de finale wiene sy te sterk foar Rutmer van der Meer, Jacob Wassenaar en Daniël Iseger. It waard 5-3 en 6-4.

Iseger naam nei de earste omloop it plak oer fan Chris Wassenaar. Hy hie lêst fan in rêchblessuere. De tredde priis wie foar Jan Dirk de Groot, Eppie Weidenaar en Peter de Boer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)