Steigenga wint yn Dalen

10 jul 2006 - 15:55

Sierd Steigenga fan Eksmoarre hat op de twadde en lêste dei fan de finale fan de klubkompetysje yn Dalen de etappe wûn. Nei 152 kilometer kaam er allinnich oan. It wie alwer de trettjinde oerwinning foar Steigenga. Boppedat waard er winner fan it yndividuele klassemint.

De ploech De Volharding fan Steigenga en Germ van der Burg fan Folsgeare wûn ek it einklassemint en waard sadwaande Nederlânsk kampioen 2006.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)