Kleanwinkel nomineard foar priis

© Omrop Fryslân
Kleanwinkel Hennes & Mauritz yn Ljouwert is nominearre foar de Human Capital Award 2006. Dat is in priis foar in retailbedriuw dat ynvestearret yn de meiwurkers. Bedriuwen dy't in soad dogge oan de ûntwikkeling en oplieding fan de meiwurkers kinne de priis winne. Doel is dat de kwaliteit en motivaasje ferbetteret.
De Human Capital Award wurdt ein oktober útrikt. It is in inisjatyf fan it Kenniscentrum Handel.