Lieuwe Westra wint yn Noarwegen
Lieuwe Westra fan Mûnein hat it Norsk Syklefestival 2006 wûn. Westra waard yn de lêste etappe fiifde. Dy lêste etappe oer 150 kilometer einige yn in massasprint. Westra behelle nei seis etappes 116 punten. Dat wie ien punt mear as de nûmer twa de Noar Jon Einar Bergsland.
Jenning Huizenga fan Frjentsjer waard fiifde yn it einklassemint.