Frysk paspoart no al útferkocht

© Omrop Fryslân
Alle 5.000 Fryske paspoarten binne yn twa dagen útferkocht. De keapers binne oer it algemien gjin toeristen, mar de Friezen sels. Meikoarten komt der in twadde druk fan it boekje.
Yn it Frysk paspoart stiet allerhande toeristyske ynformaasje. Der sitte ek koartingsbonnen yn. De VVV en Fryslân Marketing jouwe it boekje út. It Frysk paspoart wie sûnt 2003 net mear te krijen sûnt it fallissemint fan it Noord-Nederlands Buro voor Toerisme.