Plysje siket taskedieven

© Omrop Fryslân
De plysje yn Ljouwert siket nei twa noch ûnbekende jonges, dy't sneintemiddei in tas fan in frou fan 89 jier stellen hawwe. De twa kamen op de Amelandstrjitte op 'e fyts de frou achterop. Ien fan har luts har de tas út de hannen.
It soe gean om twa jonges fan likernôch 20 jier. Ien fan harren hie ljochte klean oan, de oare donkere klean. Yn de tas siet ûnder oare in mobile tillefoan.