Roeier Hamburger nei WK

© Omrop Fryslân
Roeier Sjoerd Hamburger is snein winner wurden fan de B-finale by de kwalifikaasjewedstriden foar it WK yn Luzern. Hy fertsjinnet dêrmei in ticket foar it WK dat yn augustus yn it Ingelske Eton hâlden wurdt. Hamburger komt dêr út yn de klasse skiffeur.
Yn de B-finale moast Hamburger it opnimme tsjin syn aartstivaal Dirk Lippits. Beide manlju stride al it hiele seizoen om in plakje op it WK.