Van der Nes werom by Aris

10 jul 2006 - 11:29

Basketballer Rik van der Nes komt werom by de Ljouwerter klub Aris. Van der Nes spile twa jier lyn ek al by Aris. De 24-jierrige forward komt oer fan de Belgyske klub Aartselaar. Dêr hie hy in trochsneed fan 15 punten de wedstryd.

De Amerikaan Tim Withworth giet by de de Ljouwerters wei. Hy sil spylje foar in klub yn Argentinië. Aris hat oant no ta trije Amerikanen en trije Nederlânske spilers oanlutsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)