Frysk antwurd op Fryske brief

10 jul 2006 - 11:26

Fryske brieven oan 'e gemeente Ljouwert moatte ek yn it Frysk beantwurde wurde, fine b en w. No bart dat faak al, mar op inisjatyf fan de FNP hat it kolleezje in offisjeel stik opstelle litten. Dat wurdt nije wike moandei yn de gemeenteried bepraat.

Yn oktober wurdt it taalbelied yn Ljouwert fierder hifke. Dan komt der ek in evaluaasje fan in taalnotysje dy't jildt sûnt 1989.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)