Stroomsteurings lykje foarby

© Omrop Fryslân
Yn Eastermar en omkriten hawwe sneontenacht gjin nije stroomsteurings west. Oerdeis sieten inkele tûzenen húshaldens yn Eastermar, Sumar, De Tike, Nyegea en De Pein sûnder stroom.
De earste kear wie moarns om in oere of sân. Fjouwer oeren letter wie it wer klear. Letter wiene der wer steurings yn Eastermar, De Tike en Sumar. Foar winkels wie de oerlêst grut. De betsjinning fan brêgen wie ek in probleem.