Tom Otte twadde op WK Yngling

10 jul 2006 - 10:23

Siler Tom Otte fan Snits is ôfrûne wykein as twadde einige by it iepen WK Yngling yn it Franske La Rochelle. Yn de lêste twa races op sneon helle hy mei syn partners Marijke van Dijk en suster Ester Otte in earste en in fjirde plak.

Hidde Jan Haven fan Snits einige op it fiifde plak. De ferrassende wrâldkampioen fan ferline jier, Maarten Jamin fan de Jouwer, einige dit jier op it sânde plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)