Manlju oanhâlden yn Snits

10 jul 2006 - 10:23

De plysje hat sneontenacht yn Snits twa manlju oanhâlden. It giet om in 45-jierrige Snitser en in 35-jierrige Dryltser. De Snitser stie bûtendoar foar in kafee bier te drinken en waard dêrop oansprutsen troch de plysje. Hy woe net ophâlde en smiet doe bier oer de plysje hinne. De plysje woe de man oanhâlde, mar waard hindere troch ferskate omstanners. Ien fan harren, de Dryltser, moast mei nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)