Sweedsk jacht flotlutsen

10 jul 2006 - 10:21

De rêdingboat hat sneontemiddei by Skiermûntseach in Sweedsk syljacht flotlutsen. It 10-meter lange skip wie ûnderweis fan it Dútske eilân Borkum nei Lauwerseach. Op de Wierumer Grûnen tusken Skiermûntseach en De Kalkman rekke it jacht fêst.

De rêdingboat Koning Willem I luts it jacht frij gau wer los. Doe koe De Garm op eigen krêft wer fierder farre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)