Hearrenfean wint mei 14-0

© Omrop Fryslân
Sportklub Hearrenfean hat sneon yn Koudum de earste oefenwedstryd fan it nije seizoen wûn mei 14-0. Tsjin in seleksje fan 'e gemeente Gaasterlân-Sleat waard yn de earste helte acht kear skoart.
By Hearrenfean debutearden Dingsdag, Zuiverloon, Alves en Friend yn de basis. Alves en Friend skoarden beide twa kear, Zuiverloon makke der ien. Yn de twadde helte brocht trainer Verbeek alve nije spilers yn.