Keatsberjochten

© Omrop Fryslân
It NK keatsen foar skoalfamkes yn Sint Nyk is sneon wûn troch Winsum. Jitske Roest, Lisa Schotanus en Margriet Bakker wiene te sterk foar Frjentsjer dy't twadde waard. De jongfammepartij yn Mantgum waard wûn troch Ie. Klaske de Jong, Sjoukje Visser en Aukje Kuiken fersloegen titelferdigener Dronryp.
Wjelsryp wûn sneon yn Lekkum it NK keatsen foar jonges pupillen. Twadde waard Tsjummearum en tredde Tytsjerk.