Steigenga en Van der Burg earste

© Omrop Fryslân
Sierd Steigenga fan Eksmoarre en Germ van der Burg fan Folsgeare hawwe mei har klup 'De Volharding' fan Utrecht nei de earste dei de lieding yn de finale fan de lanlike klupkompetysje. Beide Friezen pakten yn Dalen in protte punten yn de prolooch.
De Friesche Leeuw fan Ljouwert - de iennige Fryske ploech by de bêste 24 - stiet njoggende. Jorrit Bergsma fan 'De Leeuw' waard de bêste Fries yn de Daler Omloop mei in achtste plak.