Martenahûs Frjentsjer fan start

© Omrop Fryslân
Yn Frjentsjer is sneon it nije musea It Martenahûs iepene, alhoewol't de offisjele iepening pas op 16 septimber is. Yn 'e âlde stins Martenahûs is de kolleksje fan it eardere Coopmanshûs te sjen. It Martenahûs mikt fierders op in kombinaasje fan histoaryske saken en moderne keunst.
De ferbouwing en ferhuzing ha mear as in miljoen euro koste. Der is tweintich jier fergadere oer it nije museum.