500 pakketten foar Foedselbank

09 jul 2006 - 12:27

De Foedselbank krige sneon yn Ljouwert mear as fiifhûndert pakketten dy't klanten fan in supermerk byinoar sparje koene. De oerlanging wie by de C1000 yn de wyk Suderbuorren. De wearde fan de pakketten is 25.000 euro.

De opbringst fan de aksje is sa heech dat in part fan de Fryske pakketten nei de Noardlike Foedselbanken yn Meppel ta giet. De Foedselbank sels wol graach stipe fan 'e oerheid. No wurkje se noch mei frijwilligers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)