Alvestêdetocht foar kano's

09 jul 2006 - 11:22

Yn Ljouwert gie sneon de Alvestêdetocht foar kano's fan start. Fjouwer teams út Hamburg, Twente, Alkmaar en Ljouwert stride om sa gau mooglik de âlvestêderoute fan 210 kilometer yn in kano ôf te lizzen.

De teams fan elk acht persoanen wikselje om 'e oere fan plak, sadat der egaal trochroeid wurde kin. De earste dielnimmers hoopje yn 'e rin fan snein yn Ljouwert oer de finish te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)