Speedboat sonken nei brân

09 jul 2006 - 11:22

Op de Burgumermar is tongersdei in speedboat sonken nei in brân. In 24-jierrige man út Jistrum makke in proeffeart, doe't er ynienen in knal hearde en fjoer seach. It slagge de skipper net de brân út te meitsjen. Hy sprong doe mar oerboard en waard oppikt troch oare boatsjeminsken.

De baarnende speedboat driuwde nei de reidkraach foar de wâl en is dêr sonken. De brânwacht wie der mei in blusboat by.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)