FK bommetje yn Hallum

08 jul 2006 - 17:33

Sieger Sjoerd de Vries út Hallum waard freed yn it swimbad yn Hallum Frysk kampioen bommetje. De supercup foar alle dielnimmers út Fryslân en dêrbûten gie nei Kloos Planting. Eric Schimmel makke mei 8,5 meter de heechste sprong.

It FK bommetje is in idee nei it lanlik kampioenskip, dat alle jierren yn Winschoten hâlden wurdt. Yn Hallum wie it de ôfsluter fan it 30-jierrich bestean fan de swimfjouwerdaachse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)