Remje foar oranje: oanriden

08 jul 2006 - 17:33

By in oanriding op de Stasjonswei-Súd yn Snits is freed in frou (35) út Beverwyk ferwûne rekke. Se siet njonken har man yn 'e auto, doe't se op de krusing fan de Súdhoekwei fan achteren oanriden waarden. Dy auto waard bestjoerd troch in jongeman (22) út Skarsterbrêge.

De bestjoerder seach te let dat de auto foar him foar it oranje ljocht remme. De frou is mei pine yn 'e nekke nei it sikehûs fan Snits brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)