Eastermar/De Tike sûnder stroom

© Omrop Fryslân
In part fan Eastermar en De Tike is sneon troffen troch in stroomsteuring. Dat wie tusken healwei sânen moarns en kertier oer ienen middeis. De oarsaak wie in trochrotte kabel.
De steuring hie ûnder oaren gefolgen foar it skipfeartferkear tusken de Burgumermar en De Leijen. De brêge by Eastermar koe net betsjinne wurde. De brêgewipper moast tweintich boatsjes weromstjoere om in alternative rûte te nimmen.