Steuring by Fonejachtbrêge

08 jul 2006 - 16:07

De Fonejachtbrêge yn de Wâldwei is troffen troch in steuring. Dy begûn sneontemoarn om 9 oere. De brêge soe iepen foar in pear skippen. Dat slagge net omdat der in probleem wie mei de fergrendeling. De slachbeammen giene wol omdel. Der ûntstie in lange file fan auto's.

Underwilens kin it ferkear der wer del, mar de skippen noch net. In monteur sil de steuring ferhelpe sadat de brêge wer omheech kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)