Boek oer fersetsstrider Kolf

08 jul 2006 - 14:41

Yn it Fersetsmuseum yn Ljouwert is freed in boek presintearre oer Johannes Kolf, in fersetsstrider út de Twadde Wrâldoarloch. Hy wie ien fan de 25 manlju dy't op 8 desimber 1944 meidien hat oan de oerfal op it Hûs fan Bewar yn Ljouwert.

Johannes Kolf wie it iennichste lid fan de Fryske knokploegen dy't de ein fan de oarloch net helle. Hy waard yn in fjoergefjocht mei de SD yn jannewaris 1945 deasketten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)