Gefaarlik oerstekplak Twizel

08 jul 2006 - 13:05

De krusing Provinsjale dyk-Mounewei yn Twizel moat sa gau mooglik oanpakt wurde, fynt de gemeente Achtkarspelen. De provinsje hat foar 2011 gjin jild foar de oanpak fan it drokke krúspunt.

By grutte drokte kinne fuotgangers en fytsers amper oerstekke. In oplossing kin net langer útsteld wurde, fynt FNP'er Marten van der Veen. De ynwenners fan Twizel sels soene it leafst in rûnwei om it doarp hinne hawwe, mar dy is te djoer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)