Ljouwert krijt maraton

© Omrop Fryslân
Nei New York en Rotterdam krijt Ljouwert no ek in maraton. Op 10 juny takom jier is de earste edysje. Dy sil fan start gean by de Aldehou. Njonken it wedstriidelemint hat de maraton ek as doel om de Friezen yn beweging te krijen. Amateursporters kinne ferskate ôfstannen rinne en der is ek in sûnensmerke.
De maraton is in inisjatyf fan 'e stifting Gezonde Stad Leeuwarden.