Boargemaster Amelân ynstallearre

08 jul 2006 - 11:20

Op it Amelân is freed in nije boargemaster ynstallearre. It giet om de 47-jierrige Albert de Hoop fan Langwar. Hy wie oant no ta direkteur personielssaken by it Justitioneel Incassoburo yn Ljouwert.

De Hoop wie fiif jier fraksjefoarsitter foar D66 yn de rie fan Skarsterlân. Hy is de opfolger fan Paul Verhoeven, dy't yn 2001 earste boarger op it eilân waard. Verhoeven wurdt boargemaster fan Heeze-Leende.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)