Stipe Mercator yn Europarlemint

© Omrop Fryslân
De Katalaanske Europarlemintariër Bernat Joan i Mari wol dat de Europeeske Kommisje op 'e nij jild frijmakket foar it Mercator-projekt. By de Fryske Akademy wurkje 9 minsken by dit ûndersyksprojekt nei lytse talen. It projekt wurdt bedrige omdat de Europeeske begruttingspost foar lytse talen ein dit jier ferdwynt.
Joan i Mari wol krekt dat Europa mear jild útlûkt foar lytse talen en dat jild ek earmerket foar dit doel.