Atoglas bliuwt langer iepen

07 jul 2006 - 17:38

It Atoglasfabryk yn Ljouwert bliuwt fjouwer moannen langer iepen as earst ôfpraat wie. It bedriuw giet net op 1 septimber ticht, mar 1 jannewaris 2007. De reden is dat it fabryk yn Frankryk net op 'e tiid klear is om de produksje oer te nimmen.

Begjin dit jier waard bekend dat de Frânske eigners alle aktiviteiten nei Frankryk oerbringe woene. In staking fan 3 wiken yn maart holp net om de direksje op oare gedachten te bringen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)