Minima helpe as staazjeplak

© Omrop Fryslân
Minima kinne fan septimber ôf foar mear as iten allinnich telâne by de Foedselbank en it Minimarestaurant yn Ljouwert. Learlingen Sosjale Tsjinstferliening fan it Friesland College dogge dêr as staazje ûndersyk nei de problemen fan 'e minima.
Foar safier mooglik wurde de problemen ek oplost. Allinnich learlingen mei ûnderfining kinne en meie it wurk dwaan. Ek is der begelieding fan 'e skoalle by.