Sel easke foar delslaan plysje

07 jul 2006 - 11:23

Tsjin in man (22) út Wâlterswâld is tongersdei fyftjin moannen sel easke. De man hie in plysjeman delslein. De fertochte siet yn in auto dy't foar in kontrôle fan de dyk moast.

Doe't de bestjoerder in stopteken krige, stapte er út en sloech in plysjeman del. In kollega-plysje skeat op de fertochte. Hy soe dêrby in skampskot oan de holle oprûn ha. De offisier fan justysje ûntkent dat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)