Nijbou foar Stellinghaven

© Omrop Fryslân
Yn Easterwâlde wurdt yn oktober begûn mei de nijbou fan ferpleechhûs Stellinghaven. De earste bewenners kinne yn maaie 2007 ferhûzje nei har nije ienpersoanskeamers mei eigen sanitêr.
Der wurdt al in skoft praat oer nijbou fan De Stellinghaven. Dy nijbou bestiet út njoggen wenienheden foar acht bewenners. Nei de nijbou folget noch in renovaasje fan in oar part fan De Stellinghaven.