Wer barsten yn dak Broeretsjerke

© Omrop Fryslân
Der sitte wer skuorren yn it glêzen dak fan de Broeretsjerke yn Boalsert. It dak wie yn febrewaris klear. Al gau kamen der doe barsten yn. Hoe is net bekend. In Delfts bedriuw hat dielen ferfongen. Neffens de arsjitekt is it in misferstân. De âlde platen soenen der noch yn sitte.
De belutsenen wolle op dit stuit neat sizze oer de kwestje. It CDA yn Boalsert fynt it ûnfoarstelber en wol sa gau mooglik opheldering.