Legionella oer yn Blauwe Golf
De mienskiplike doucheromte fan it wedstriidbad fan Blauwe Golf yn Ljouwert is fan tongersdei ôf wer beskikber. De romte wie ticht om't der ein juny legionella oantroffen wie. De baktearje is fuorthelle troch de liedingen troch te spielen mei hyt wetter.
De ynstallaasje fan it swimbad wurdt oanpast om it risiko op hege konsintraasjes fan legionella yn de takomst te beheinen.