700 húshâldens sûnder stroom

© Omrop Fryslân
Sa'n 700 húshâldens yn Drachten hawwe woansdeitemiddei oardel oere sûnder stroom sitten yn ferbân mei in steuring. It gie hjir dan om it omjouwing fan de Nachtegaalstrjitte en de Noarder- en Suderdwersfeart. Ek in pear skoallen yn it gebiet waarden troffen troch de steuring.
Nuon is beheerder fan it netwurk en monteurs hawwe der foar soarge dat oerskakele wurde koe nei in oar netwurk, sa dat der wer stroom wie.