Deaden troch oerferhitting
Der falle yn Nederlân alle jierren hûnderten deaden troch oerferhitting. Der is eins net ien ynstânsje dy't him dêr ferantwurdlik foar fielt. Dat seit Frans Duijm, miljeudokter by de trije noardlike GGD's.
Oerferhitting kin ûntstean trochdat moderne hûzen te goed isoleard binne. Dêrtroch bliuwt de waarmte langer hingjen as goed is, seit Duijm.