Wurkbesite steatssiktaris Schulz

© Omrop Fryslân
De earste Fryske wetterbergingspolder wurdt moandei offisjeel iepene troch steatsiktaris Schulz van Haegen. De polder hjit 'Eilân-East' en leit oan de Kromme Ie, oan de westkant fan Grou.
De steatssiktaris is moandei op wurkbesite yn Fryslân. Se sil ek nei in projekt yn de mar De Leijen en nei in gearkomste oer de Kaderrichtlijn Water. Schulz is útnoege troch de provinsje en Wetterskip Fryslân.