Brêge wer yn oarder

© Omrop Fryslân
De Pylkwiersterbrêge yn de Ljouwerter wyk Suderbuorren kin wer gewoan iepen en ticht. Troch de waarmte sette de brêge tiisdei sa út dat er net mear iepen woe. Ek kuoljen mei wetter holp net mear.
Woansdeitemoarn koe de brêge wer iepen. De technyske tsjinst fan de gemeente hat de izers fan de brêge ôfslipe, sadat de brêge net wer klam komt te sitten.