Hûnestront yn Damwâld en Driezum

05 jul 2006 - 23:36

Hûne-eigners yn Damwâld en Driezum meitsje net genôch gebrûk fan de hûnehúskes. Yn de omjouwing fan de húskes is noch altyd in soad oerlest fan hûnestront. De gemeente krijt ek in protte klachten oer losrinnende hûnen.

Dantumadiel besjucht no oft minsken ferplichte wurde kinne in skepke en in pûdsje mei te nimmen. De gemeente tinkt der ek oer nei om doarpswachten yn te setten foar kontrôle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)