Spesjale boat foar handikapten

05 jul 2006 - 16:09

Aquanaut Yachting yn Snits bout in motorjacht dat spesjaal geskikt is foar minsken mei in beheining. It kajútjacht Access is tagonklik foar twa rolstuollers. Dy kinne der ek selsstannich mei farre.

De boat is in inisjatyf fan de Stichting Aangepaste Watersport Friesland fan de Lemmer. It Nationaal Revalidatiefonds en de Stichting Kinderpostzegels ha in finansjele bydrage oan it jacht tasein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)