Ofspraken oer bou yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Wenningkorporaasje Nieuw Wonen Friesland bout de kommende perioade 125 nije huzen yn 't jier yn Ljouwert. Dat hat de korporaasje ôfpraat mei de gemeente. Nieuw Wonen Friesland wurdt sa ferantwurdlik foar in kwart fan alle wenningbou yn de stêd.
Der binne ek ôfspraken makke oer ûnder mear de leefberens en feiligens yn in wyk, duorsum bouwe en it beskikber stellen fan hûzen oan minsken dy't út de maatskiplike opfang komme.