Skatebaan foar Feanwâlden

05 jul 2006 - 10:23

Feanwâlden krijt in skatebaan op it terrein fan it eardere tenniskompleks. B en w fan Dantumadiel ha besletten om 50.000 euro út te lûken foar de oanlis fan de baan. Der is ek 5.000 euro beskikber foar it ûnderhâld.

De gemeente hat yn't foar mei de skaters en de jongereried oerlein oer it bêste plak foar de skatebaan. Der wurdt no ek besocht de skatende jongerein út Dantumadiel te belûken by de ynrjochting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)