Wer probleem mei brêge

05 jul 2006 - 10:11

It waarme waar soarget tiisdei ek wer foar problemen mei brêgen. Sa kin de de Pylkwiersterbrêge yn de Ljouwerter wyk Zuiderburen net mear iepen. De brânwacht hat de brêge wol kuolle mei wetter, mar dat hat neat úthelle. De gemeente Ljouwerter ferwachtet dat de brêge tiisdeitejûn wer iepen kin.

Moandei wiene der ek al in soad problemen. Doe koe bygelyks de brêge by Dronryp net iepen foar it skipfeartferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)