Waarmte lestich foar brêgen

04 jul 2006 - 15:51

Rûnom yn de provinsje binne der problemen mei de brêgen. Op in soad plakken moatte de brêgen kuolle wurde, omdat se oars net mear iepen en ticht wolle. Troch it waarme waar sette de brêgen flink út.

De brêge oer it Van Harinxmakanaal by Dronryp woe moandeitemiddei net mear iepen foar it skipferkear. De slachbomen fan de Geeuwbrêge by Snits woene net mear omheech, mei in lange file op de rûnwei as gefolch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)