Twa nije skûten by SKS

© Omrop Fryslân
De SKS-float hat dit jier twa nije skûtsjes. Earnewâld ferfangt de Emmanuël troch De Twee Gebroeders, en Langwar ruilet de Jonge Jan yn foar ek in Twee Gebroeders.
De twa nije skûten kinne de striid dit jier ek wer oan mei Ulbe Zwaga. Hy is nei in skorsing fan trije jier wer werom oan it helmhout fan it Ljouwerter skûtsje. It SKS-skûtsjesilen begjint op 29 july yn Grou.