Broeretsjerke Boalsert klear

© Omrop Fryslân
De Broeretsjerke yn Boalsert kin tongersdei oplevere wurde. De lêste moannen is de âld tsjerke restaureard en foarsjoen fan in glêzen kap. Dat soarge foar in probleem, omdat in pear fan de glêzen platen begongen te skuorren. Ferline wike is de oannimmer begongen mei it ferfangen fan de stikkene platen.
Freed oer in wike giet de tsjerke wer iepen foar besikers. De offisjele iepening is yn oktober.