Wer brân Bakkefeanster heide

04 jul 2006 - 13:46

Op de heide by Bakkefean hat moandei foar de fjirde kear yn koarte tiid brân west. Oan de râne fan de bosk by swimbad Dúndelle is sa'n hûndert kante meter ôfbaarnd.

Dat de brân net grutter wie, kaam omdat it noch net sa hiel droech is yn de natuer. It fjoer waard ek op 'e tiid ûntdutsen. De oare kearen binne de spoaren fan brânstifting fûn. Moandei is der neat fertochts ûntdutsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)