VVD wol bewaakt parkearplak

04 jul 2006 - 11:53

Op yndustryterrein de Haven yn Drachten moat in bewaakt parkearplak foar frachtauto's komme. De VVD yn Smellingerlân wol dat b en w dêr achter oan geane.

Sa'n parkearplak soe foarkomme moatte dat de lading stellen wurdt. It soe ek helpe kinne om de frachtauto's út de wenwiken te krijen. De VVD fynt dat sa'n parkearplak der ek komme moat om Drachten as logistyk sintrum foar it noarden fierder út te bouwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)